Melissa Pander en Sytse de Witte - Lês derop los

Lês der op los
Ik lês der op los
De letters bin' de klos
Want ik lês der op los
Lês der op los
Lês der op los
Thús of yn de klas
Ja, we lêze der op los

Ey jong, maat, wat hast om hannen
Hast ek noch wat moaie plannen
Ja, ik sil in reus ferslaan
En dan op paad nei in fulkaan
Bliksempiebe, dat is stoer
Dat is nochris aventoer
Ja, ik meitsje hiel wat mei
It giet der soms mar mâl om wei

Soms dan praat ik mei de bisten
Sykje ik geheime kisten
Moat ik nei spionnetraining
Bring ik brieven nei de kening
Goh, dat fyn ik ek wol wat
't Klinkt wol spannend, hoe dochsto dat
Oh, hoechst net benaud te wêzen
Hoechst allinnich in boek te lêzen

Lês der op los
Ik lês der op los
De letters bin' de klos
Want ik lês der op los
Lês der op los
Lês der op los
Thús of yn de klas
Ja, we lêze der op los

Soms sykje ik nei huning mei in bargje en in bear
Soms fal ik yn in kninehol en yt ik wat ferkeards
Soms sjou ik mei in hynder en in aapke troch de strjitte
Soms klim ik yn in kraan want dat kin ik dan net litte

Der fleant in beppe oer de dyk en in baron út in kanon
Ik haw in boatsje mei myn broer en dy hjit Kameleon
Ja, do hiest dus wol gelyk, lêze is in aardichheid
It hat allinnich ien probleem: Bist de tiid wol samar kwyt

Se freegje wêr't ik bin
Ik sis: Ik kom dalik
Ik sit yn in boek
En it is bjusterbaarlik
Se freegje wêr't ik bliuw
Nim it my net kwalik
Ik siet yn in boek
En it wie bjusterbaarlik

Lês der op los
Ik lês der op los
De letters bin' de klos
Want ik lês der op los
Lês der op los
We lêze der op los
Thús of yn de klas
Ja, we lêze der op los

Written by:
Pieter Zijlstra

Publisher:
Lyrics © O/B/O DistroKid

Lyrics powered by Lyric Find

Melissa Pander en Sytse de Witte

View Profile